Mamedov by seleksje SC Cambuur

14 okt 2010 - 13:01
  • Norair Mamedov, hjir noch yn it shirt fan SC Grins

Norair Mamedov sit freed op de bank by Sportklup Cambuur yn de wedstriid tsjin RKC. De oanfaller spilet by de beloften fan Grins/Cambuur. Dy beide klups hawwe in gearwurkingsferbân mei elkoar. Salang't in belofte net foar it earste fan FC Grins spile hat, is hy ek ynsetber foar Cambuur.

Trainer Stanley Menzo kin net beskikke oer Reza Ghoochannejhad en Nuelson Wau. Sy hawwe beide in blessuere oan de knibbel. Fierder is de seleksje folslein fit foar de topper tsjin RKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)