Soarch oer spesjaal ûnderwiis

14 okt 2010 - 11:18

De SP yn de Twadde Keamer hat de minister fragen steld oer de grutte taname fan it oantal Fryske learlingen dat oanmelden wurdt foar it spesjaal ûnderwiis. Der driget in grut tekoart oan plakken yn it spesjaal ûnderwiis.

As it oantal oanmeldings yn dit tempo trochgiet is der nei de krystfakânsje net iens romte mear foar nije learlingen. Dat soe betsjutte dat guon bern wachtsje moatte oant augustus takom jier, foardat se teplak kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)