Fjouwer kear brân De Jouwer

14 okt 2010 - 09:57

Yn it sintrum fan De Jouwer hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei fjouwer kear brân west. Om kertier foar ienen kaam de earste melding fan in kontenerbrân yn de Midstrjitte.

Doe't de brânwacht oan it blussen wie, kaam der wer in melding fan in kontenerbrân yn de Midstrjitte. Buertbewenners koene it fjoer sels útmeitsje. Even letter stie der yn de Kolkstrjitte in kontener mei âld papier yn 'e brân. It fjoer sloech oer nei twa hokken dy't útbaarnden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)