Net soad folk ynfojûn fúzje

14 okt 2010 - 06:48
  • Boargemaster Stellingwerf

De earste ynformaasjegearkomste oer de nije fúzjegemeente De Friese Meren luts woansdeitejûn mar in bytsje minsken. De gemeenterieden hawwe al in posityf advys jûn. Ynwenners kinne noch oant desimber beswier meitsje tsjin in fúzje fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân.

Der wiene benammen fragen oer de relaasje mei de gemeente Hearrenfean. Minsken binne benaud dat de provinsje dy gemeente noch taheakje wol oan de fúzjegemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)