Test mei modelauto's

13 okt 2010 - 23:07

De maneezje Japero yn Berltsum hat fergunning krigen om ien kear in wedstryd te organisearjen foar modelauto's. It giet om in proef dy't kommende sneon plakfine sil. Dan wurdt metten hoe hurd it lûd is.

De direksje fan de maneezje is troch de gemeente op de fingers tikke, omdat se earder yllegaal oan it racen wienen. Der kamen klachten út de buorren en doe moast de gemeente yngripe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)