Nijbou Fryske Akademy
De Fryske Akademy wol 7 miljoen euro stekke yn nijbou. It gebou moat komme op it eigen terrein fan de Akademy oan de Grienewei yn Ljouwert. De provinsje is frege in tredde part foar syn rekken te nimmen.
Neffens deputearre Jannewietske de Vries is der jild foar te finen yn de begrutting. It ryk moat ek in tredde part betelje.