Skier hat noed oer wynmûnepark

13 okt 2010 - 17:07

Ynwenners fan Skiermûntseach binne ûngerest oer mear wynmûnen boppe it eilân yn see. Energy Valley docht dy oprop. De gemeente freget ekstra omtinken foar de feilichheid en it miljeu. Skiermûntseach hat de tasizzing krigen dat se belutsen wurde by de wynmûneplannen ynklusyf it meitsjen fan in saneamd wurkeilân.

Energy Valley ropt it ryk op om alle wynmûnen yn Nederlân dy't de kommende tsien jier yn see pleatst wurde, yn de Noardsee boppe Skier del te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)