Monissen nominearre sakefrou

Diana Monissen is nominearre foar Zakenvrouw van het Noorden 2010. Monissen is foarsitter fan de Rie fan Bestjoer fan De Friesland. De oare kandidaten binne Anne-Chrisine Dreune, direkteur fan de Dutch Flight Academy yn Eelde en Jitske Beukema fan General Manager Research Drive yn Norg. Nije wike tiisdei is de ferkiezing.
Ferline jier waard styliste Nelleke Mulder út Snits sakefrou fan it jier.