Noed doarpen fuortnaam

De Doarpsbelangen fan Akkrum, Aldeboarn en Terherne binne posityf nei oerlis mei de gemeente Hearrenfean. Se ha antwurd krigen op de fragen dy't yn de doarpen spylje. Sy falle no ûnder Boarnsterhim, mar sille, as dy gemeente opheft wurdt, oergean nei Hearrenfean.
Aldeboarn woe nei Opsterlân, Terherne en Akkrum nei Skarsterlân. Har noed oer de finânsjes en har plak as doarp by in grutte kearn is nei dit petear fuortnaam.