Wynmûnepark boppe Skier

Alle nije wynmûnen op see moatte boppe Skiermûntseach komme. It giet om in plak fyftich kilometer ten noarden fan it Waadeilân. Dêr komme al 120 wynmûnen. Energy Valley wol dat der folle mear komme. Se dogge dizze oprop rjochting it nije kabinet.
It park yn de Noardsee soe goedkeaper wêze as mear lytsere parken op ferskate plakken. Foar it Noarden moat de bou en it ûnderhâld fanút havens yn Grinslân en Fryslân mear wurk opsmite.