Ynbraak yn restaurant Ljouwert

Der is tiisdeitejûn ynbrutsen yn in restaurant oan de Skrâns yn Ljouwert. In meiwurker seach om in oere as njoggen in man fan it dak springen. Dy man naaide út yn de rjochting fan it Sixmaplein. Dêr stapte er mei in pear oaren yn in auto, dy't fia de Skrâns hurd fuortried.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat der ynbrutsen wie yn in kantoar op de boppeferdjipping. Dêr is in kompjûter en in jildbedrach stellen.