Dumper ôffal bestraft

In man (56) út Sint Anne is oanhâlden, fanwege it yllegaal dumpen fan ôffal. De man hie yn july guod dumpt op in plak oan it begjin fan de Slachtedyk, by Easterbierrum. Dat is in plak dêr't wol faker yllegaal ôffal fûn is. De plysje wie der ek bekend mei.
It ôffal is ûndersocht. Doe waard dúdlik dat it ôfkomstich wie fan in bedriuw. De man is oanhâlden en hat bekend. Hy hat in proses-ferbaal krigen.