Dyk Snits-Boalsert stremd

13 okt 2010 - 06:53
  • Op de dyk wurd hurd wurke de ravaazje op te rêden

De A7 fan Snits nei Boalsert is ôfsletten. Tusken de ôfrit Nijlân en de ôfrit Snits is tiisdeitenacht in frachtwein mei freesd asfalt kantele.

Ferkear dat fan de Ofslútdyk rjochting Snits giet, wurdt omlaad oer de A31 Harns, Ljouwert, de Jouwer en Snits. Ferkear fan Boalsert nei Snits wurdt omlaat fia de N359 nei Ljouwert. Oan de ein fan 'e moarn waard ien rydstrook frijjûn. De fangrail moat makke wurde, der is disel lekt. Tsjin de jûnsspits wie de dyk wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)