Jong Oranje net nei EK

© Omrop Fryslân
Jong Oranje, mei de SC Hearrenfean spilers Bas Dost en Daryl Janmaat, is der net yn slagge om pleatsing foar it Europeesk kampioenskip fan 2011 ôf te twingen. De ploech fan bûnscoach Cor Pot wûn yn Kiev wol mei 2-0 fan Oekraïne, mar dat wie net genôch nei it 3-1 ferlies fan ôfrûne sneon.
Bas Dost sette krekt foar it skoft Jong Oranje op foarsprong, John Goossens fan NEC makke nei in lyts oere de twadde. Jong Oranje mist no it EK, mar ek de Olympyske Spelen 2012.