Utstjoerburo foar jongerein

12 okt 2010 - 20:58

Fryslân hat in nij middel yn de striid tsjin jeugdwurkleazens. Yn Ljouwert is tiisdei it earste útstjoerburo foar jongerein oant 27 jier iepene. Opmerklik is dat de lieding ek yn hannen is fan jongeren. It inisjatyf hjit Carriére Sprong en is neffens útstjoerorganisaasje Quick en de gemeente Ljouwert it middel tsjin jeugdwurkleazens.

Jongeren folgje opliedings en krije trenings. Doel is om 50 jongeren oan it wurk te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)