Monumint foar Andriesen
De ferstoarne politika Anita Andriesen krijt freed in monumint by Swarte Haan. It keunstwurk fan Gunnar Daan bestiet út twa rustfrijstielen banken dy't elk oan 'e kant fan 'e seedyk delset wurde. Andriesen mocht altyd graach nei de seedyk ta gean om út te waaien.
De eardere PvdA-deputearre ferstoar yn desimber 2008 oan 'e gefolgen fan kanker.