Priis lotterij yn Noardwâlde

Op in steatslot dat ferkocht is yn Noardwâlde is in priis fan 100.000 euro fallen. It lot waard ferkocht yn 'e Primerawinkel yn it plak. De Steatslotterij ferlotte op de bysûndere datum 10-10-10 hûndert prizen fan 100.000 euro.
Neffens Gerard van der Velde fan 'e winkel hat de winner him noch net melden. Van der Velde is tige optein dat ien fan 'e winnende lotten yn syn saak fallen is.