Opknapbeurt tsjerke Hallum

12 okt 2010 - 14:54

Yn Hallum binne tiisdei de klokken út 'e tsjerke weihelle. Dat is it startsein fan in grutte restauraasje. De klokken stamme út 'e 16e en 17e ieu. Se wurde op transport set nei Dútslân dêr't se reparearre wurde.

De Sint Martenstsjerke ûndergiet in grutte opknapbeurt. Net allinnich de klokken, mar ek it ynterieur en it oargel wurde by de tiid brocht. De restauraasje kostet 8 ton en moat yn 2013 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)