Bargboer ek wethâlder ôf

12 okt 2010 - 13:20

Wethâlder Hans van den Broek fan Snits nimt de taken oer fan syn kollega-wethâlder Jan Bargboer. De CDA'er Bargboer hat in burn-out. Hy is ek gjin listlûker mear foar it CDA by de riedsferkiezings yn de nije gemeente yn Súdwest-Fryslân. Wa't him opfolget as listlûker is noch net bekend.

Jan Bargboer is wol de beëage CDA-wethâlder yn Súdwest-Fryslân as er dan wer better is. It CDA-bestjoer fynt it spitich, mar ek moedich dat Bargboer sa iepen is oer syn burn-out.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)