Bouma-fertochte gau nei PBC

12 okt 2010 - 12:44

De frou dy't fertocht wurdt fan de dea fan 'e Frjentsjerter Pytsje Bouma moat mei foarrang ûndersocht wurde yn it Pieter Baan Centrum. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei bepaald. Mei de urginte oanfraach wol justysje gong sette yn it ûndersyk yn 'e moardsaak.

De 69-jierrige Bouma waard yn maart fan dit jier om it libben brocht. Har 47-jierrige skoandochter jildt as belangrykste fertochte. Sy ûntkent lykwols.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)