Aksje foar eilantsje Breefinne

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Terherne rjochtsje in belangeferiening op foar it eilân Breefinne. In projektûntwikkeler hat it eilân kocht en wol dêr rekreatyf bouwe. Doarpsbewenners tinke dat it in soad skea jaan sil oan 'e natuer. It eilân soe boppedat ûnder in Natura-2000-gebiet falle.
Neffens de projektûntwikkeler hat it eilân in agraryske bestimming en de natuer stiet by him sintraal. Mochten de plannen trochgean, dan kostet it al gau sân jier foardat der boud wurdt.