Farre yn Nacht fan de Nacht

12 okt 2010 - 12:15

Yn it ramt fan de Nacht fan de Nacht op 30 oktober organisearret de gemeente Harns yn gearwurking mei de Waadferiening in nachtlike fartocht op de Waadsee.

De Regina Andrea fart jûns út om minsken ûnderfine te litten wat it nachtlibben op it Waad ynhâldt. Meiwurkers fan de Waadferiening fertelle dêroer. Fierders wurdt ek ferteld oer navigearje yn it tsjuster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)