Automobilist slacht jonge (15)
In jonge fan 15 jier fan It Hearrenfean is moandeitejûn oan 'e Smelleken yn syn wenplak mishannele. It slachtoffer krige sûnder oanlieding klappen fan in autobestjoerder. De fertochte stapte út en sloech de jonge samar in pear kear yn it gesicht. Dêrnei naaide de bestjoerder út.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de mishanneling.