Oerfal Grou op televyzje

12 okt 2010 - 10:18

Opsporing Verzocht makket tiisdei opnames fan 'e oerfal op in frou (88) yn Grou. Sy waard op 4 oktober yn har hûs oan de Marswei oerfallen.

Om acht oere jûns kloppe ien op 'e ruten. It slachtoffer tocht dat it de buorfrou wie en die iepen. Op dat stuit kaam in man de hûs yn dy't de frou fuorttreau. De man easke jild. Doe't se dat wegere, krige se noch in triuw en de frou foel op 'e grûn. Dêrnei naaide de dieder út. De saak komt op 19 oktober op televyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)