Epke definityf nei WK turnjen

11 okt 2010 - 23:10
  • Epke Zonderland giet nei it WK (argyffoto)

Epke Zonderland is opnommen yn de definitive seleksje foar it WK turnjen yn Rotterdam. Neist Zonderland geane ek Michel Bletterman fan Ljouwert en Arjen Butter fan It Hearrenfean mei nei it WK. Yuri van Gelder, Bart Deurlo en Jeffrey Wammes meitsje ek diel út fan de seleksje.

Topsportmanager Hans Gootjes hie earder al in basisteam gearstald, mar hie in slach om de earm hâlden fanwege blessueres fan Zonderland en Van Gelder. Epke hie lêst fan de rêch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)