Mear Friezen foar komplimint

11 okt 2010 - 20:29

Fryslân bliuwt achter mei it leverjen fan kandidaten foar it Johan Stekelenburg Compliment. Ut ús provinsje binne oant no ta noch mar twa persoanen of organisaasjes foardroegen, wylst it totale oantal al op fyftich leit. De ûnderskieding wurdt om it jier útrikt oan in persoan of organisaasje dy't him belangeleas ynset foar minsken sûnder wurk.

Oant 20 oktober kinne kandidaten oanmelden wurde. De priis bestiet út 15.000 euro en in keunstwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)