Twa slachtoffers by Winsum

De brânwacht dwaande mei helpferliening (foto: Jaring Rispens, Stjoerder.nl)
In 68-jierrige man út Boalsert en syn 69-jierrige frou binne moandei ferwûne rekke by in oanriding by Winsum. In 64-jierrige autobestjoerster út Wommels woe de Westergoawei oerstekke, mar seach de auto fan de Boalserters oer de holle. In botsing wie it gefolch.
De beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De frou út Wommels kaam mei de skrik frij.