'Gjin diseltreinen yn Fryslân'

11 okt 2010 - 16:38

De diseltreinen moatte út Fryslân ferdwine, seit Ronald van Oeveren fan spoarbouwer Strukton. Neffens him kinne je better alle regionale spoarlinen elektrysk meitsje. Benammen omdat yn de Eemshaven in grutte enerzjysintrale boud wurdt en de noardlike provinsjes dwaande binne mei it opwekken fan duorsume enerzjy.

Van Oeveren fynt dat der by de oanlis fan it spoar tusken Grins en It Hearrenfean ek fuortendaliks in boppelieding oanlein wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)