Konst 'net út de bocht flein'

11 okt 2010 - 16:23

Deputearre Konst fynt dat hy net út de bocht flein is mei syn útspraken oer de Middelseegemeenten en Littenseradiel. Dat hat hy de boargemasters fan dy gemeenten moandei ferteld. Konst sei ferline wike op in partijbyienkomst fan de PvdA dat Littenseradiel net selsstannich bestean bliuwe kin.

Ek fynt hy de gearwurking fan 'e Middelseegemeenten ûnsinnich. Konst sei dat hy op de byienkomst spruts as PvdA-man en net as deputearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)