Jild Europa foar Groate Kerk

De stifting Alde Fryske Tsjerken krijt goed 140.000 euro fan 'e Europeeske kommisje foar it ferbouwen fan de Groate Kerk yn Sint Jabik. Der is no mei-inoar fjouwer ton beskikber foar it projekt. Fan dat jild wurdt ûnder oare in ynformaasjesintrum oer it Jabikspaad boud yn it foarportaal fan de tsjerke. Ek wurdt it ynterieur fan de tsjerke oanpakt.
Neist De Europeeske kommisje stekke ek de gemeente It Bilt en de provinsje in soad jild yn it projekt.