Grutte Griene wurdt ophege

11 okt 2010 - 12:58

In part fan eilân de Grutte Griene yn de Snitsermar wurdt sa'n 25 sentimeter ophege om mear romte te jaan oan de bedrige Noardske wrôtmûs. Ek de fegetaasje moat sa hersteld wurde.

De Grutte Griene wurdt bedrige troch ferdroeging, fersakking en ynklinking. It gebiet leit no ûnder it boezempeil en de Noardske wrotmûs, de dotterblom en de greidefûgels binne dêrtroch flink yn tal ôfnaam. Om dêr wat oan te dwaan sil Steatsboskbehear in part fan de Grutte Griene opheegje mei bagger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)