BFVW wurket oan fûgelatlas

11 okt 2010 - 11:44

Aaisikers en neisoargers sette fan kommende maitiid ôf alles yn de kompjûter oer wat se sjogge oan nêsten, aaien en pykjes. It BFVW lit dêrfoar in nij systeem bouwe. No wurdt bygelyks it plak fan it nêst fêstlein op papier en yn jierferslaggen, mar dat is letter lestich werom te finen.

It nije kompjûtersysteem wurdt bewust ienfâldich hâlden. Neisoargers dy't der muoite mei ha kinne har gegevens op papier oanleverje oan in koördinator.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)