Dútser bedriget barpersoniel

11 okt 2010 - 11:15

In 66-jierrige man út it Dútse Siegen hat snein meiwurkers fan in kroech op De Lemmer bedrige. De man woe fuortgean, mar koe net goed mear op syn skonken stean. Doe't in meiwurker fan de bar oan de Plattedyk him helpe woe, pakte de man in mes en begûn dêrmei te swaaien.

Troch it swaaien stroffele de man en foel er achteroer. De meiwurker koe it mes ôfpakke en belle de plysje. Dy hat de man oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)