'Belje 112 foar drankriders'

11 okt 2010 - 10:51

Friezen dy't sjogge dat minsken mei drank op achter it stjoer krûpe moatte 112 belje. Dy oprop docht plysje Fryslân. Dy begjint moandei mei de kampanje '112, daar pak je ook drankrijders mee'. Mei de kampanje wol de plysje drankriders noch stranger oanpakke. Der komme posters yn kafees en diskoteken en reklame yn hûs-oan-hûskranten. De plysje kontrolearret geregeld op alkohol yn it ferkear.

De plysje skreau dit jier oant no ta sa'n tûzen boeten út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)