Ychtener oppakt nei klappen

11 okt 2010 - 10:10

In man út Ychten (37) is sneintejûn oppakt om't er in man (60) út Zaandam ferskate kearen slein hat. De Ychtener wie lulk oer it rydgedrach fan de Zaandammer. Dy helle de Ychtener rjochts yn en die ek in tal oare frjemde ferkearsmanoeuvres.

Doe't de manlju de auto's oan de kant setten, sloech de Ychtener de Zaandammer ferskate kearen mei de fûst. Hy joech him ek in karatetraap. De plysje hat de Ychtener opspoard, oanhâlden en fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)