Pizzakoerier oerfallen

11 okt 2010 - 09:44

Yn Ljouwert is sneintejûn in pizzakoerier oerfallen. De jonge (16) moast yn de Esdoarnstrjitte in bestelling ôfleverje. Doe't er oanbelle die nimmen iepen. Fanút de Kanaalwei kamen trije manlju oanrinnen. Ien fan dy manlju grypte de koerier by de kiel en twong him al syn jild te jaan. Hjirnei moast er fuortrinne en net omsjen.

De jonge rûn werom nei de pizzeria op de Eastergrêftswâl en belle de plysje. Fan de manlju ûntbrekt elts spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)