Dales fuort by InHolland

Ald-boargemaster fan Ljouwert Geert Dales hâldt fuortendaliks op as bestjoersfoarsitter fan hegeskoalle InHolland. Der soe in ferskil fan miening wêze oer hoe't de skoalle bestjoerd wurde moat. De skoalle kaam earder dit jier yn opspraak om't in grutte groep studinten te makkelik oan in diploma kommen wie.
Dales wie fan maaie 2004 oant july 2007 boargemaster fan Ljouwert. Dy funksje joech hy op om oan de slach te gean by InHolland.