FVC gelyk tsjin Rohda Raalte

Yn de sneinshaadklasse spile FVC op it eigen fjild mei 2-2 gelyk tsjin Rohda Raalte. De ploech út Raalte wie 80 minuten folle better as FVC. Yn de lêste tsien minuten waard it ek noch in spektakel en hiene de Ljouwerters sels noch kâns op de oerwinning.
Yn de earste helte kaam FVC op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Jeffrey Hollander. By it skoft wie it 2-1 foar Rohda Raalte. Yn de twadde helte kaam de ploech fan Bert Hollander troch in doelpunt fan Geert Scheer op 2-2.