Grutte brânwachtoefening Snits

(foto: Wessel Bosgraaf/112 Nederlân)
Op de Hemmen yn Snits is sneon in grutte brânwachtoefening hâlden. Brânwachtauto's út ferskate Fryske regio's wiene hjirfoar nei Snits reizge. Oan de oefening waard meidien troch ûnder oare de brânwachtkorpsen fan Drachten, Haulerwyk, Bûtenpost, Marsum, Harns, Beetstersweach, Dokkum It Hearrenfean, Oerterp en Jobbegea.
De brânwacht oefene it fluch ferpleatsen fan ridend materiaal. Neffens in wurdfierder is de oefening goed slagge.