Urker falt frou lestich

De plysje hat sneontenacht yn in hoarekasaak op de Nijstêd twa Urkers (22 en 25) oanhâlden foar mishanneling en it oantaasten fan in frou (20) út Ljouwert. In twadde frou (24) út Ljouwert wie troch de jongste Urker slein. De 25-jierrige Urker soe de 20-jierrige frou ûnseedlik betaaste hawwe.
Op oanwizing fan de twa froulju koene de Urkers oanhâlden wurde. Se binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.