Plysje grypt yn nei klappen
De plysje hat it ôfrûne wykein op de Súdkade yn Drachten in 18-jierrige man út Schagen oppakt. Plysjeminsken seagen dat de fertochte in oare man oanfalle woe. Hy pakte him by de jas en luts him tsjin de grûn.
Doe't de plysje de twa útelkoar helje woe, fersette de man út Schagen him. Letter joech er oan dat er troch de oare man slein wie doe't er wegere drugs fan him te keapjen. De man is foar neier ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.