Frou ferwûne nei botsing
In frou (73) út Gytsjerk is sneon op de Singel yn har wenplak ferwûne rekke. De frou ried op 'e fyts oer in krusing op de Singel, doe't in 57-jierrige man út Ljouwert tsjin har oanfytste.
De frou rekke dêrtroch ferwûne oan de skonken. Se is nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.