Gouden Gurbe foar Opsterlân

10 okt 2010 - 10:25

It stik 'Hoe no, Robin Hood' fan it Iepenloftspul Opsterlân hat sneon de Gouden Gurbe krigen foar it bêste iepenloftspul fan 2010. Neffens de sjuery is it in "prachtige famyljefoarstelling fan in treflik op elkoar ynspile selskip".

Wiepkje Castelein krige de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol. Sy spile yn it stik It Feest fan it Iepenloftspul Jorwert. It Feest wûn ek de publykspriis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)