Twadde winst A6.NL Flyers

09 okt 2010 - 23:31

De A6.NL Flyers fan It Hearrenfean ha de twadde oerwinning yn de bekerkompetysje helle. Yn Zoetermeer waarden de Panthers nei ferlinging mei 5-4 ferslein. De earste perioade wie troch twa goals fan Vassili Titarenko foar de Flyers. De twadde perioade wie mei 3-0 folslein foar Zoetermeer.

Yn de tredde perioade wie de earste skoare foar de Panthers, mar dêrnei soargen Bert van den Braak en Michael Nason foar de ekstra spyltiid. Dêryn makke Aleksandr Terjohins it ferskil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)