Hark. Boys gelyk tsjin Katwijk

09 okt 2010 - 16:51

Topklasser Harkemase Boys spile op de Bosk yn in oantreklike wedstriid mei 1-1 gelyk tsjin koprinner Katwijk. Yn de earste helte krigen beide ploegen wol kânsen mar waard der net skoard.

It wie yn de 50ste minút dat Michiel van Dam troch in frije traap de Katwijkers op in 1-0 foarsprong sette. Dennis Krohne makke foar de Harekiten de lykmakker. Dêrnei gie de ploech fan trainer Henk de Jong op syk nei de winnende treffer. Oebele Schokker rekke noch de latte, mar it bleau 1-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)