Skea troch brân Swettestrjitte

09 okt 2010 - 14:13

Twa bedriuwspannen oan de Swettestrjitte yn Ljouwert hawwe skea oprûn fan twa brânende auto's. De auto's stiene ticht tsjin de gevel oan parkeard en binne nei alle gedachten oanstutsen wêrnei't de flammen oerslein binne.

By ien fan beide gebouwen is troch de hjitte de glêzen foargevel knapt wêrtroch it fjoer nei binnen kaam. Trochdat de brânwacht der gau by wie, is de skea beheind bleaun. Wol is er der in soad reekskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)