Hofstra: priis foar eamelers

De Drachtster keunstner Henk Hofstra hat mei syn reade eamelers (mieren) de Sign+ Award wûn. Yn maaie liet Hofstra 500 reade mieren fan 2 by 3 meter op de strjitten fan Drachten spuitsje. De mieren folgen in paad rjochting skouboarch De Lawei. Op de gevel wiene keunststof mieren fan it selde formaat te sjen.
De sjuery fan de Sign+ Award fûn it projekt technysk knap en sterk ta ferbylding sprekkend omdat it fan de skouboarch in grutte lokdoaze makke.