Fernijde LC hús-oan-hús

09 okt 2010 - 12:54

Op goed 200.000 adressen yn Fryslân is sneontemoarn fergees de fernijde Ljouwerter Krante besoarge. Dizze aksje en de nije styl fan de krante moatte wat dwaan oan it weromrinnende tal abonnees. It wie in logistyke operaasje om alle Friezen fan in krante te foarsjen, mar op in pear útsûnderingen nei is dat goed slagge.

Net allinnich de krante is fernijd, ek de website. De krante wol ek aktiver wurde op it mêd fan oare platfoarms lykas de iPad en sosjale media.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)