Strang drankbelied Gaasterlân

09 okt 2010 - 12:30

Yn Gaasterlân-Sleat wurdt ûnder de jongerein folle mear alkohol dronken as yn de rest fan Fryslân. De gemeente fynt dat dit net kin en kontrolearret dêrom strang op de ferkeap fan drank.

Dit docht de gemeente ûnder oare mei in spesjale 'mystery guest'. In jonge fan fyftjin besiket op ferskate plakken bier te keapjen. By in proef in jier lyn slagge dit noch yn 80 prosint fan de gefallen. Freedtejûn krige de mystery guest op de measte plakken 'nee' te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)