Plysje siket tsjûgen bedriging

08 okt 2010 - 20:08

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de bedriging fan in famylje út Hurdegaryp, dizze maitiid. Yn dizze saak waard in 55-jierrige man út Bûtenpost oanhâlden.

Nei syn frijlitting krige hy ferskate anonime brieven fan minsken dy't sizze dat syn oanhâlding net terjochte wie. Ek sizze se te witten wa't de famylje wol bedrige hat. De famylje wennet oan de Koaikamp yn Hurdegaryp. Fan 't maitiid krige de famylje ferskate anonime brieven thús mei bedrigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)